Seizoen Bart de Vries foarby

15 jan 2010 - 09:31

It seizoen foar maratonrider Bart_de_Vries fan De Haule is foarby. It jongere broerke fan Bob en Elma hat woansdei by de wedstriid yn Surhústerfean in slimme blessuere oprûn. It skouder rekke út de kom en yn it sikehûs die bliken dat it skouder brutsen is.

De Vries moat dêr ynkoarten oan opereard wurde. Foar de revalidaasje stiet yn elts gefal seis moanne en dat betsjut dat de maratonrider takom seizoen pas wer yn aksje komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)