Seizoen Aris sit derop

11 maaie 2010 - 22:42

De Friesland Aris is der net yn slagge om in fiifde en beslissende wedstriid tsjin Bergen op Zoom yn 'e wacht te slepen. De fjirde play-off wedstriid yn it Kealledykje waard mei 83-71 ferlern en dêrtroch is Bergen op Zoom no finalist.

Aris makke der lang in spannende wedstriid fan. Healwei stie de ploech fan Pete Miller op foarsprong: 36-34. It waard 45-37 foar Aris, mar dêrnei wie de sleet derút. Yn it lêste kwart waard it ferskil grutter en grutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)