Seizoen Aris nei ferlies oer

27 apr 2014 - 21:05
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris hawwe snein yn eigen hûs ferlern fan Den Bosch mei 80-88. Nei de grutte nederlaach tongersdei yn Den Bosch (110-63) is dêrmei it seizoen oer foar de Ljouwerters. Den Bosch giet troch nei de heale finales fan de play-offs. Aris spile in stik better as it earste duel tsjin de Brabanners, by it skoft wie it ferskil mar ien punt (39-40). Yn it tredde kwart kamen de gasten 12 punten foar en dat wie genôch foar de winst. Nei ôfrin sei Arismanager Gert Schurer dat ynterim-trainer Tom Simpson ek takom seizoen haadtrainer is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)