Seistûzen stimmen tsjin kappen beammen yn De Fryske Marren

27 jan 2015 - 20:54

Der wurdt woansdeitejûn in petysje mei 6000 stimmen oanbean oan de gemeenteried fan De Fryske Marren tsjin it kappen fan beammen. In aksjegroep hat de ôfrûne tiid fia de aksje 'Stop massale bomenkap Friesland' de stimmen fia ynternet binnenhelle.

De gemeente wol in fyfde part fan de beammen yn de gemeente delhelje. Neffens de aksjegroep komt dit del op maksimaal tsientûzen stiks. De reden hjirfoar binne besunigings. De gemeente wol jierliks goed trije ton besparje op it ûnderhâld fan grien.

De petysje wurdt by de gemeenteriedfergadering oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)