Seisde Thomashûs yn Fryslân

15 sep 2009 - 15:46
  • It nije Thomashûs yn Sint Nyk

Yn Fryslân komme hieltyd mear Thomashuzen, want de fraach nei dy lytse, húslike wenfoarmen foar ferstanlik hendikepten nimt bot ta. Woansdei wurdt de seisde lokaasje iepene, yn Sint Nyk.

Njonken St. Nyk binne der noch fiif oare Thomashuzen yn Fryslân. Takom jier wurde der nije lokaasjes iepene yn Jirnsum en Noardwâlde. It Thomashûs yn Sint Nyk wol op koarte termyn noch útwreidzje mei in tún, terras en bisteparkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)