Seisbierrumer fytsedief pakt

20 mrt 2011 - 16:09

In 42-jierrige Harnzer hat sneontenacht nei in achterfolging in 16-jierrige fytsedief út Seisbierrum oanholden. De man lei te sliepen doe't syn frou him wekker makke omdat se hearde dat ien oan de fytsen foar hûs siet te rommeljen.

De man iepene de foardoar en seach de 16-jierrige mei syn fyts by it wetter stean. Doe't de jonge dat fernaam, smiet er de fyts yn it wetter en naaide út. De 42-jierrige eigner gie achter him oan en koe him oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)