Seisbierrum: 100 euro foar tips

23 mrt 2005 - 10:23

Ynwenners fan Seisbierrum hoopje mei in beleanning de dieders te pakken fan in rige fernielings yn it doarp. Benammen yn it wykein is it gauris mis. Koartlyn ûnstie der grutte skea by de meubelwinkel fan Van der Wal oan de Alde Buorren. Dêr waard in grut winkelrút fernield.

Fierder binne der jiskefetten omgoaid, auto's skânsearre en kontainers yn de brân stutsen. Wa't de gouden tip jout oer de fernielings krijt 100 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)