Seis spilers Hearrenfean fuort

31 mrt 2008 - 16:32
  • Boersma tekene in pear moannen lyn al in trijejierrich kontrakt by Veendam

Sportclub Hearrenfean nimt ôfskie fan seis spilers. Harren kontrakten rinne ôf en wurde net ferlingd. It giet om Age Hains Boersma, Sebastiaan Steur, Robbert Maruanaya, Maciej Wilusz, Rawley Rozendaal en Tom Siwe. De earste fjouwer spilers binne op dit stuit ferhierd. Rawley Rozendaal en Tom Siwe spylje yn it belofteteam.

Age Hains Boersma, dy't út Fryslân komt, tekene in pear moannen lyn al in trijejierrich kontrakt by Veendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)