Seis sealfuotbalteams 1e divyzje

10 maaie 2006 - 10:19

Fryslân komt it kommende jier mei seis sealfuotbalteams út yn de nije noardlike earste divyzje, de ien nei heechste lanlike klasse. FCL út Ljouwert is de lêste klub dy't nei dy klasse promovearret. Earder dienen Avanti, De Herauten, Workum en Blauw Wyt dat al. Hearrenfean spile ôfrûne seizoen al yn 'e earste divyzje.

Takom jier komme der fjouwer earste divyzjes yn plak fan twa. Allinnich de kampioen promovearret streekrjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)