Seis oernamekandidaten Steenklip

29 jul 2006 - 13:55

Ek âldere meiwurkers moatte in kâns krije as de fallite Snitser stienhouwerij De Steenklip oernommen wurdt. Dat is it stribjen fan kurator Verdonk. In dei nei it fallissemint hat er al seis oernamekandidaten.

Oer de rol fan de grutste skuldeasker, Rabobank, is Verdonk min te sprekken. Om't de bank it fallissemint net oanfreegje woe, soene de 61 meiwurkers sûnder jild de boufak yngean. Verdonk hat no sels it fallissemint oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)