Seis oanhâldings nei autocross

26 apr 2007 - 10:07

Seis minsken binne oanhâlden nei oanleiding fan slaanderij op Peaskemoandei nei de autocross yn Makkingea. De plysje moast dêrby twa groepen útinoar helje. Minsken waarden bedrige mei ûnder oare in mes en in boksbeugel. Fierders waard mei in auto ynriden op ien fan 'e groepen.

De rûzje wie ûntstien nei it stellen fan in mobile tillefoan. Mei help fan tsjûgen hat de plysje de seis fertochten oanhâlden. Ien sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)