Seis kij yn jarreput

13 apr 2004 - 00:00

By in buorkerij oan de Koaidyk yn Nijelemmer binne tiisdeitemiddei seis kij yn de jarreput terjochte kaam. De brânwacht moast der oan te pas komme om de bisten der út te heljen. Dat is slagge. De bisten meitsje it goed.

Neffens de brânwacht hat nei alle gedachten ien fan de sydmuorren fan de put it bejûn. Hjirtroch binne de betonnen flierdielen deryn fallen mei de seis kij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)