Seis jier sel easke yn heger berop tsjin frou út Penjum

17 sep 2015 - 19:41
  • Rjochter

Tsjin in 54-jierrige frou út Penjum is yn heger berop seis jier sel easke foar har oandiel yn de moard op Jacob Vellinga út Harns op 20 maaie 2013. De frou waard ferline jier troch de rjochtbank feroardiele ta fjouwer jier sel, mar it Iepenbier Ministearje gie yn heger berop. Sy fûnen dat de frou meipleger wie en net allinnich mar meiplichtich.

Vellinga wenne mei de frou en in 38-jierrige Ljouwerter yn ien hûs. Under ynfloed fan drank en drugs rûn in rûzje folslein út de hân mei de dea fan de Harnzer as gefolch.

De útspraak yn it heger berop is op 1 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)