Seis himpkwekerijen fûn

06 nov 2012 - 20:59

Yn it ramt fan 'e lanlike aksje om himpkwekers oan te pakken hat de plysje seis kwekerijen oprôle yn Fryslân. Yn de Gerben van Tuinstraat yn Sint Jabik fûn de plysje 264 planten. De apparatuer en de planten binne ferneatige. Yn Harns binne nochris in lytse 150 planten fûn. Fierder binne der kwekerijen fûn yn Warten, Appelskea, Himpens en Sint Anne. Yn fergelyk mei Grinslân en Drinte foel de fangst ta. Yn Grinslân fûn de plysje in kwekerij mei 1600 planten, yn Drinte ien mei in lytse 500 planten.

De lanlike himpdei is bedoeld om de kwekers yn 'e beurs te reitsjen. Krimineel jild wurdt ôfpakt en troch it ferneatigjen fan planten en apparatuer binne de kwekers in soad sinten kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)