Seis fragen en antwurden oer de Voedselbank

07 des 2015 - 10:21
  • Itensbank

Ek dit jier docht Omrop Fryslân mei oan de lanlike aksje 'Samen voor de Voedselbank'. Twa wiken lang wurdt der omtinken frege en iten ynsammele foar de itensbanken yn Fryslân. Hartstikke moai fansels, mar wat is dat no eins sa’n itensbank? En wannear komme jo derfoar yn oanmerking? We freegje it oan Harry Tjeerdsma, foarsitter fan de itensbank yn Drachten.

Hoefolle itensbanken binne der yn Fryslân? 
"Yn Fryslân binne 14 Voedselbanken, dy't oansletten binne by de Stichting Samenwerkende Voedselbanken Fryslân. Dy sitte yn Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Hearrenfean, Skarsterlân, Kollumerlân, Lemsterlân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Snits, Tytsjerksteradiel, Weststellingwerf en Súdwest-Fryslân. Dêrneist binne der ek noch lossteande itensbanken yn Boalsert, Harns (Noardwest-Fryslân), Ljouwert en Grou." 

Hoefolle minsken meitsje gebrûk fan dizze itensbanken?
"De Voedselbank yn Drachten heart by Stichting Samenwerkende Voedselbanken Fryslân. Yn totaal fersoarget dy stichting de itenspakketten foar ûngefear 1400 gesinnen. Dat oantal is relatyf konstant: yn 2014 wiene it 1440 húshâldens en it jier dêrfoar 1325." 

Wat binne de betingsten om yn oanmerking te kommen foar in itenspakket? 
"In ienpersoanshúshâlden dat nei it ôflûken fan de fêste kosten minder as €180,- euro oerhâldt foar libbensûnderhâld, komt yn oanmerking foar in pakket. Per persoan komt dêr €70,- by. Foar in gesin fan fjouwer persoanen wurdt dus €390,- rekkene as drompel foar stipe." 

Hoe faak krije de húshâldens in pakket? 
"By alle itensbanken wurde de pakketten ien kear yn de twa wiken útdield, útsein by ús yn Drachten. Dêr diele we alle wiken iten út op moandei, tiisdei en woansdei. Dat hat út te stean mei de hâldberheid fan it iten dat se krije. We kinne iten mei in beheinde hâldberheid net twa wiken lang bewarje foar de minsken. Om foar te kommen dat we it guod oars fuortsmite moatte, diele we dus faker út. Gemiddeld sitte der 25 produkten yn in pakket."

Wêr hawwe jim by de itensbanken it measte ferlet fan? 
"We hawwe it leafste hâldbare produkten, sa as toskeguod of ôfwaskmiddel. Dat wurdt net ferkeard en kinne we dus bewarje foar de dregere mominten, as de oanfier krekt even wat minder is."

Wat is der bard mei it guod dat Omrop Fryslân ferline jier ynsammele? 
"By de ynsamling hawwe wy allinne mar hâldbere produkten krigen, sadat we dy brûke koene op mominten dat de oanfier fan nije produkten beheind wie. Sadwaande binne we pas krekt troch it guod hinne. De nije aksje komt dus krekt op in goed momint."

Oant en mei freed 18 desimber kin elkenien produkten bringe by it gebou fan Omrop Fryslân. By de dielnimmende supermerken rint de aksje oant en mei tongersdei 17 desimber. Alle ynformaasje oer de aksje 'Samen voor de Voedselbank' is te finen op de webside fan Omrop Fryslân. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)