Seis frachtweinen te swier

14 mrt 2014 - 12:38
  • Frachtauto's

By in kontrôle by Drachten binne tongersdei seis sjauffeurs mei in te swiere frachtwein trappearre. Fjouwer fan harren mochten net trochride oant se in part fan de lading oerhevele hiene yn in oare wein. Ek hat de plysje boetes útdield foar in te hege lading of it ûntbrekken fan in kontener dy't offisjeel goedkard wie.

Der binne 36 frachtweinen kontrolearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)