Seis ferwûnen op de A7

26 jul 2011 - 09:59

De A7 fan Grins nei Drachten is moandeitejûn foar in part ôfsletten nei in slim ûngelok by Leek. Dêrby binne seis minsken ferwûne rekke. De slachtoffers sieten yn ien auto. De bestjoerder rekke nei in klapbân de macht oer it stjoer kwyt. De auto rekke yn de sleat neist de sneldyk. De helptsjinsten rukten manmachtig út en ek de traumahelikopter waard ynsetten.

De ferwûnen, ynwenners fan Zuidlaren, Vries en Dronten, binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)