Seis ferwûnen by auto-ûngelok

27 mrt 2004 - 00:00

By in auto-ûngelok op de Westergowei by Wommels binne sneontemiddei seis minsken ferwûne rekke. By it ûngelok op de wiene op syn minst twa auto's belutsen. De Westergowei is dêrom ôfsletten. It ferkear wurdt omlaad.

Twa ferwûnen binne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht, fjouwer nei it sikehûs fan Snits. Der is in trauma-helikopter ynset om earste help te ferlienen. Hoe slim de ferwûnings krekt binne is op dit stuit noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)