Seis fertochten fan ynbraak oanhâlden nei grutte sykaksje

07 nov 2014 - 10:56

Nei in grutte sykaksje fan de plysje binne tongersdeitejûn op It Hearrenfean seis minsken oanhâlden op fertinking fan ynbraak. De plysje krige yn earste ynstânsje in melding dat twa manlju har fertocht ophâlden by in wenning oan de Woudsingel. Se koene dêr ien persoan oanhâlde, de oare naaide út. Mei meardere plysjes waard in sykaksje hâlden.

Yn de wenwyk waard in auto fûn dy't mooglik fan de manlju wie. In twadde auto waard oantroffen op de sneldyk A32. Hjir sieten fiif fertochten yn. Alle seis manlju sitte fêst.

It giet om fjouwer manlju út Ede, ien út Hilversum en ien út Arnhem. Se binne tusken de 19 en 23 jier. De twa auto's binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)