Seis drugsdealers oppakt

09 okt 2003 - 00:00

De plysje hat woansdei yn Ljouwert seis manlju oanholden dy't by de Mercurius- fontein, De Wurdumerdyk en it Reigerplein drugs oan it dielen wiene. De plysje hie ferskate meldings krigen oer drugsoerlêst en kaam mei tsien man yn aksje.

In 22-jierrige dieler hie in boltsje cocaïne by him. De plysje pakte ek twa klanten fan him op. Eefkes letter waard noch in dealer oanholden. Ek syn beide klanten moasten mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)