Seis ambassadeurs by Caparis

26 apr 2010 - 16:22

Seis meiwurkers fan Caparis binne moandei offisjeel beneamd ta ambassadeur foar it lêzen en skriuwen. Ien fyfde fan alle meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjennings kin net goed lêze en skriuwe. By Caparis giet it om sa'n 500 minsken.

Caparis en it Friesland College biede harren al in pear jier de kursus basisfeardichheden oan mei lessen yn taal, rekkenjen, omgean mei de kompjûter en sosjale feardichheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)