Sein 'brand meester' by brân yn Harns

23 jun 2015 - 22:16

De brânwacht hat tiisdeitejûn flak nei tsienen it sein 'brand meester' jûn by de brân yn Harns. Dêr ûntstie oan it begjin fan de jûn brân yn in leechsteande loads oan de Sibadawei. Wat de oarsaak fan de brân is, is noch net bekend. De brânwacht hat de loads kontrolearre útbaarne litten. Foarearst sil der noch wol neiblust wurde. Ek is der gefaar dat it dak fan de loads nei ûnderen komt.

It advys om ruten en doarren ticht te hâlden is yntusken ynlutsen. Omwenners hawwe dêr wer in NL-alert oer krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)