Seilmakkers De Lemmer fusearje

23 okt 2013 - 17:29
  • Seil

Seilmakkerij De Vries en Maritiem Sails, beide fan De Lemmer, fusearje. De bedriuwen wolle fan 1 novimber ôf tegearre fierder. De Vries en Maritiem Sails leverje seilen en kanvasûnderdielen foar skippen, mar elk mei in eigen spesjalisme.

Neffens Bouwe Gert de Vries fan De Vries kin it bedriuw troch de gearfoeging noch mear spesjalisearje, fernije en groeie. It nije bedriuw komt op De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)