Seil mei portretten 80 skûtsjeskippers yn museum Snits

29 maaie 2015 - 17:22
  • Seil mei portretten 80 skûtsjeskippers

In seildoek fan 9 by 4,5 meter mei dêrop de portretten fan mear as 80 skûtsjeskippers hinget sûnt freedtemoarn yn it Frysk skipfeartmuseum yn Snits. It is it libbenswurk fan keunstner en âld-SKS skipper Anne Tjerkstra. It bysûndere keunstwurk hinget yn de nije entree fan it skipfeartmuseum yn Snits.

It projekt begûn mei in seil op souder. No steane de hollen der op fan alle skippers dy't ea in earste, twadde of tredde plak hellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)