Seewier skeppe foar spul Heech

19 jul 2006 - 09:56

Meiwurkers fan it iepenloftspul yn Heech hawwe tiisdeitemoarn betiid seewier opskept by de haven fan Breezanddijk oan de Ofslútdyk. It seewier is nedich om by it stik de sfear fan de see op te roppen. Mei it waarme waar komt der in sterke lucht fan ôf.

It stik dat spile wurdt, is in bewurking fan The Tempest fan Shakespeare. It spilet him ôf by in skipswerf oan see.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)