Seeswimtocht by Harns skrast

27 aug 2010 - 12:12

Yn Harns giet de twa kilometer lange seeswimtocht fan snein net troch. De waarsferwachting is min en de temperatuer fan it seewetter giet troch it minne waar hurd nei ûnderen.

Dêrom is it neffens de organisaasje net ferantwurde om de swimmers snein starte te litten. It soe wol de 40ste kear wêze dat it evenemint holden wurde soe. De seeswimtocht wurdt organisearre troch swimferiening De Vikings. Oan it evenemint kinne op syn meast 250 swimmers meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)