Seesleper nei Harns

06 jun 2006 - 11:47

De seesleepboat De Holland krijt Harns as thúshaven. De eigners wolle dêr in administraasjekantoar iepenje. Doel is dat it farrende monumint faker yn Harns lizze sil.

De Holland waard yn 1951 boud as bergingsjager yn opdracht fan rederij Doeksen en wie belutsen by de berging fan mear as 160 skippen. Yn 2000 waard De Holland kocht troch in stifting dy't besiket it skip wer yn âlde steat te herstellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)