Seemokken Amelân op tv

25 apr 2007 - 11:15

By de seemokkekoloanje yn natoergebiet it Oerd op it Amelân moat in webcam komme. De VVV fan it eilân en Kabel Noord nimme it inisjatyf foar de kamera.

It kostet 46.000 euro om it natoergebiet online te krijen. De gemeente betellet 5000 euro mei. Ek provinsje en Europeeske fûnzen betelje mei, mar likegoed is der noch in gat fan 11.000 euro. De lokale omrop op it eilân, TV Lonof, stjoert de bylden út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)