Seekontainer mei ark stellen

15 mrt 2014 - 14:21
  • Seekontainer stellen

By in wenning oan de Troelstrawei yn Ljouwert is tongersdeitejûn in grutte seekontainer fol mei ark stellen. Yn de kontainer siet ûnder oare in sirkelseach, in freesbank en in kompressor. De skea rint yn de tsientûzenen euro's. It ark kaam út in wurkpleats by de wenning. Dêr soe in nije flier yn komme en dêrom wie it ark tydlik opslein yn de kontainer. Der is oanjefte dien fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)