Seekoeten frijlitten op Skier

10 mrt 2003 - 00:00

Op it strân fan Skiermûntseach binne snein sa'n 80 seekoeten frijlitten dy't begjin febrewaris yn België oanspield binne. De bisten wiene fersmoarge mei oalje, ôfkomstich fan it skip de Tricolor dat yn it Kanaal sonken is.

De fûgels binne doe oerbrocht nei de fûgelpits yn Eanjum dêr't se skjinmakke binne. In hûnderttal swarte see-einen koe noch net frijlitten wurde. Dy fûgels meie net ferfierd wurde yn ferbân mei de útbrutsen fûgelpest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)