Seehynderke yn akwarium Skylge

16 okt 2006 - 10:38

It see-akwarium op Skygle hat op dit stuit in bysûnder gast: in sân sintimeter grut seehynderke, dat ferline wike troch fiskers út de Noardsee boppe it eilân helle is. Gewoanwei komme de bisten dêr net foar, nei alle gedachten is it seehynderke troch de streaming meinaam.

It seehynderke krijt mealde garnalen te iten, mar it bistke sil de winter mooglik net oerlibje, omdat it wetter yn it akwarium dan te kâld wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)