Seehûnen yn Iselmar

27 sep 2007 - 12:22
  • de twa seehûnen op de sânbank geniete fan it sintsje (foto: Mervyn Roos RWS)

Rykswettersteat sjocht hieltyd mear seehûnen yn de Iselmar. By in tal ynspeksjeflechten binne de bisten ûntdutsen. Ferline wike binne der twa sinjaleard op de sânbank foar de kust fan Gaasterlân-Sleat; earder dit jaar waard in pear kear in inkeling sjoen.

De seehûnen komme troch de spuisluzen fan de Ofslútdyk. Se kinne goed oerlibje yn swiet wetter, mar nei alle gedachten geane se werom nei de Waadsee as it kâlder wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)