Seehûnen útsetten op It Amelân

04 feb 2010 - 18:01
  • De seehûnen binne wer frij yn de Waadsee (argyffoto)

Op It Amelân binne fan 'e middei in rekôroantal fan 13 seehûnen frijlitten yn de Waadsee. Seehûnekresj Piterburen wie mei twa bussen fol kisten nei it eilân kommen. Op it strân oan de súdwestkant waarden de bisten frijlitten.

Se wiene alle 13 siik by de kresj binnenbrocht, de measte hiene longwjirmen. No wiene se wer sa fier opknapt dat se har wer rêde kinne. It giet hjir om gewoane seehûnen en dy wurde meastal op It Amelân útsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)