Seehûnen sitte fêst yn fisknet op plaat by Skylge

11 maaie 2015 - 12:45
  • Seehûn yn Waadsee (argyffoto)

Seehûnekresj Pieterburen komt sa gau mooglik yn aksje om de fiif seehûnen dy't al in pear dagen yn in fisknet by Skylge fêstsitte, te helpen. Fjouwer bisten kinne sa de sânplaat net ôf en ien is ferwûne.

In soad minsken, benammen toeristen, ergerje har deroan dat der net yngrepen wurdt. Neffens in saakkundige fan Pieterburen kin dat net. De bisten lizze op in plaat dêr't net maklik te kommen is. It tij en it waar wurket de lêste dagen ek net mei. It is mooglik dat der moandei al aksje komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)