Seehûnen komme troch slús

05 jun 2007 - 22:07

Dat der geregeld seehûnen yn de Iselmar sjoen wurde, komt omdat seehûnen hin en wer swimme troch de sluzen by Koarnwertersân. Dat tinkt Leny 't Hart fan de seehûnekresj yn Pieterburen.

Tiisdei waard by Aldemardum in seehûn sjoen. Ek by Warkum, Hylpen en Koarnwertersân swommen se de lèste moannen. It kin neffens 't Hart ek om ien en deselde seehûn gean, dy 't hin en wer swimt tusken Waad en Iselmar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)