Seehûnekresj net nei Kollum

15 okt 2007 - 17:41

De seehûnekresj fan Lenie 't Hart komt net nei de Kollumerwaard. Dat waard moandei bekend by it útsetten fan in tal bysûndere seehûnen op it strân fan it Amelân. Ferskate Fryske gemeenten wiene yn byld as festigingsplak, mar de kâns is grut dat de kresj dochs yn Grinslân bliuwt. Harns is noch wol yn byld as mooglig festigingsplak.

Op it Amelân waard it jonge seehûntsje Afke útset dat mei help fan in bistedokter op de wrâld setten waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)