'Seehûnekresj net nedich'

27 sep 2002 - 00:00

De seehûnen yn de Waadsee kinne hiel goed oerlibje sûnder opfang yn de seehûnekresj. Dat stiet yn in rapport dat freed oanbean is oan de minister fan Natoerbehear.

De opfang soe it risiko op fersprieding fan syktes fergrutsje, swakke bisten yn libben hâlde en soargje foar te folle seehûnen. Neffens de seehûnekresj kin it rapport sa by it âld papier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)