Seehûnegryp no ek yn Nederlân

17 nov 2014 - 21:34
  • Seehûn

De seehûnegryp dy't yn Dútslân en Denemarken foar in soad sike en deade bisten soarge, is no ek yn Nederlân konstatearre. De ôfrûne wike waarden al mear deade seehûnen fûn. De seehûnekresj yn Pieterburen hat meunsters naam fan de bisten, dy't ûndersocht binne troch de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Dêr docht út bliken dat it firus no ek yn Nederlân is. Fan de sike bisten stjert 10 oant 15 prosint.

It firus is ôfkomstich fan fûgels. Der is lykwols gjin link mei it fûgelgrypfirus dat opdûkt is yn Hekendorp.

De Fryske Waadeilannen warskôgen al earder om hûnen oan de line te hâlden op it strân en net by sike of deade bisten yn 'e buert te kommen. Minsken dy't in oanspielde seehûn fine, moatte de gemeente belje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)