Seehûnebaby's mem kwyt op Waad

08 des 2007 - 14:00

De stoarm yn de nacht fan freed op sneon hat derfoar soarge dat in soad krekt berne seehûntsjes harmem kwytrekke binne. Njoggen bisten binne oanspield op Flylân en Skylge. Rederij Noordgat bringt se sneontemiddei nei Harns.

Dêrnei geane se nei de seehûnekresj yn Pieterburen. Dêr bliuwe se nei alle gedachten in pear moanne foardat se werom kinne nei de Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)