'Seehûn wichtich foar ekonomy'

04 okt 2010 - 12:11
  • Seehûnen op in sânbank yn 'e Waadsee

De seehûn is wichtich foar it ekonomysk klimaat yn it Waadgebiet. Undersyk wiist út dat it bedriuwslibben 312 miljoen euro omset oan de seehûn te tankjen hat. Doe't de seehûnekresj yn Pieterburen yn 1971 begûn wienen der noch 350 seehûnen.

No swimme der 5000 seehûnen yn de Waadsee. Dat draacht bot by oan de bloei fan it ekotoerisme. Seehûnekresj Pieterburen wurdt gjin euro better fan dat grutte ekonomyske belang. Lenie 't Hart soe dat graach oars sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)