Seehûn by Warkum spot

28 mrt 2007 - 22:10

Yn de Iselmar by de haven fan Warkum is woansdei in seehûn sinjaleard. Nei alle gedachten giet it om itselde bist dat yn novimber ferline jier by Hylpen opdûkte. Dêrfoar waard er sjoen by Lelystêd. It is net dúdlik hoe't de seehûn yn de Iselmar bedarre is.

In sânsûger hat koartlyn de Iselmargrûn by Warkum omwuolle. Om't dat fisken oanlûkt, leit it yn de reden dat de seehûn dêr wer op ôfkommen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)