'Seehûn út bistetún net útsette'

06 nov 2004 - 09:55

It is foar seehûnen op it Waad gefaarlik om konfrontearre te wurden mei in seehûn út in seehûnekresj of bistetún. De Europeeske kustferiening EUCC wol dêrom dat sa gau mooglik in ein makke wurdt oan it útsetten fan seehûnen út kresj of bistetún. De bisten yn 'e natuer soene in te grutte kâns rinne om in firus op te rinnen fan in útsette soartgenoat.

Lenie 't Hart fan 'e seehûnekresj is 'ferbjustere' oer de oprop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)