Seehûn Swarte Lola frijlitten

05 maaie 2006 - 14:16

Seehûn Swarte Lola is freedtemoarn frijlitten op it strân fan Flylân. It roetswarte bist spielde yn jannewaris yn ferswakte tastân oan op Flylân en waard yn seehûnekresj Pieterburen opnaam om op krêften te kommen.

De seehûn hat in swarte kleur trochdat er tefolle swart pigmint hat. Dat komt hast net foar. Neffens de meiwurkers fan de seehûnekresj is de frijlitting goed ferrûn. Swarte Lola is mei noch twa oare seehûnen loslitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)