Seehûn is it paad bjuster

12 jan 2007 - 16:16

Spielden lêsten tal fan jonge seehûnen op de eilannen oan, no is in oare seehûn it paad bjuster. Freed wie it folgjende wûnderlike tafriel te sjen: in seehûn op de Iselmar.

It bist liet him middeis eefkes op 'e hichte fan Koarnwertersân sjen. Foar de seehûn sil it wol efkes wennen wêze yn it swiete wetter. It is net dúdlik hoe't de seehûn op de Iselmar kaam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)