Seehûn holpen by befalling

06 jun 2007 - 22:38

By it gebou fan rykswettersteat op it Amelân is woansdeitejûn op in spesjale wize in seehûntsje berne. De mem lei op it strân by Bueren al in skoft te stinnen, mar de poppe kaam der net út.

Nei in pear oeren is mei help fan de bistedokter de lytse berne. It seehûntsje hat de namme Afke krigen, nei de frou fan de bistedokter. Nei de befalling binne mem en poppe oerbrocht nei de seehûnekres yn Pieterburen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)