Seehûn berne yn Aqua Zoo

16 jun 2009 - 14:45

Yn bistepark Aqua Zoo by Ljouwert is sneontenacht in seehûn berne. De feroargers wisten net dat de mem swier wie. De ferrassing wie grut dat it jonge bist der wie. Seehûnen hawwe in dikke speklaach en dêrtroch is it dreech te sjen oft in seehûn yn ferwachting is. It jonge seehûntsje makket it goed. Meikoarten wurdt de namme fan it bistje bekendmakke.

It is foar it earst dat der in seehûn berne is yn Aqua Zoo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)