Seehûn befrijd út fiskersnet op It Amelân

04 mrt 2015 - 16:00

De plysje op It Amelân hat woansdeitemoarn in seehûn befrijd út in fiskersnet. In badgast seach it bist op it strân lizzen en warskôge de plysje. Dy hat it plestik fuorthelle en de seehûn werom nei de see brocht.

Keunststof ôffal yn see foarmet in grut risiko foar de natuer. Fan al it ôffal op it strân is 30 persint ôfkomstich fan de skipfeart en de fiskerij. Sûnt foarich jier rint in ynternasjonaal projekt om de 'plastic soep' op see te ferminderjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)