Seegers werom yn Waadsee

10 jun 2011 - 07:19

De Waadferiening wol dat it seegers werom komt yn de Waadsee. Dêrom sille se yn septimber nei Dútslân om it plantsje dêr te plukken en by Skiermûntseach werom te plantsjen. It is de bedoeling dat der mei de aksje wer trije seegersfjilden yn de Waadsee komme.

Seegers kaam eartiids ek foar yn de Waadsee mar is yn 1930 troch ûnder oare sykte folslein ferdwûn. Yn Dútslân groeit it plantsje noch wol. Seegers kin wol twa meter heech wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)