Seegers werom op it Waad

06 sep 2011 - 21:54

Nije wike wurde hûnderttûzen seegersplantsjes fan it Dútske Waad nei it Nederlânske Waad brocht. By it eilân Sylt wurde planten mei sied deryn weihelle. Dy wurde op trije plakken útspraat.

Lang lyn wiene der in soad seegersfjilden op it Waad, mar nei de bou fan de Ofslútdyk binne dy ferdwûn. Der wurdt besocht it werom te krijen omdat it bistjes en fiskjes beskutting jout en omdat it it sân fêsthâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)