Seegers werom op Fryske Waad

12 sep 2011 - 13:44
  • It seegers yn bakken flak foar it útsetten op de Waadsee
  • Foto's: Omrop Fryslân

Op 'e Waadsee wurdt dizze dagen seegers útset. It plantsje kaam dêr foar 1930 ek al foar, mar ferdwûn troch sykte en de ôfsluting fan de Sudersee.

Frijwilligers fan de Waadferiening hawwe dit wykein by it Dútske Waadeilân Sylt seegers sammele. Dat wurdt no útset nei in nije Amerikaanske metoade. De spruten wurde yn driuwende netsekjes yn see hongen. Dat bart ûnder oare by Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)